Busferfier jûn pas wer normaal

24 apr 2007 - 09:49

It busferfier yn Fryslân sil nei ferwachting tiisdeitejûn pas wer normaal ferrine. Fakbûnen en wurkjouwers hawwe in akkoart berikt oer in nije cao, mar de bussen ride noch neffens it aksjemodel. Dat komt trochdat de fakbûnsleden noch tastimming jaan moatte om in ein oan de aksje te meitsjen.

De bussen riden inkeld yn de spits en it ferfier is dan fergees. Op oare tiden ride se yn prinsipe net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)