Wassenaar út Alvestêdekuier

Piet Wassenaar is út it bestjoer stapt fan de Alvestêdekuiertocht
De foarsitter en it boechbyld fan de Alvestêdekuiertocht Piet Wassenaar is út it bestjoer stapt.
Wassenaar koe net mear mei de oare bestjoersleden troch ien doar en hat it bestjoer middels in brief witte te litten der mei op te hâlden. Piet Wassenaar hat 17 jier yn it bestjoer sitten fan de Alvestêdekuiertocht, dy't dit jier holden wurdt fan 15 oant 'e mei 19 maaie.