Utsjochtoer by Berltsum

23 apr 2007 - 17:17

It is sa goed as wis dat der dochs in útsjochtoer komt by de nije wenwyk Hemmemapark by Berltsum. Dat is in ynisjatyf fan de Stifting Berltsumer Belangen. It earste ûntwerp fan de acht meter hege houten toer is oardel jier lyn ôfkard troch de wolstânskommisje.

De stifting hat it ûntwerp no oanpast en op sterkte ûndersykje litten. Dêrmei ferwachtet de stifting dat de toer boud wurde mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)