SKS-skûtsjes neisjoen

© Omrop Fryslân
Alle SKS-skûtsjes wurde op it stuit oant op de millimeter neimetten mei laserstralen en wjerstânsproeven. Dat bart by it kennissintrum jachtbou fan de NHL.
Mei it mjitten fan de 14 skûtsjes wol de SKS berikke dat alle skûtsjes technysk gelyk binne en de kânsen om te winnen earliker binne. Fan sân skûtsjes is no it lineplan yn kaart brocht. By ien blykte de steven bryk achter it skip te sitten.