Fjild Cambuur neisjoen

It Cambuurfjild wurdt mooglik ôfkard
Edel Grass hat moandei it fjild fan fuotbalklub Cambuur yn Ljouwert ûndersocht. Edel Grass is de fabrikant fan it keunstgersfjild, dat al in skoft te hurd is en blessueres opleveret.
Edel Grass wol boppe wetter krije wêrom oft de gersmatte sa hurd is en wat dêr tsjin dien wurde kin. Tiisdei is dúdlik wat der barre moat en oft it fjild goedkard wurdt troch NOC-NSF.