'Doarpshûs Berltsum iepen'

© Omrop Fryslân
Doarpshûs It Heechhout yn Berltsum moat iepen bliuwe. Dat seit toanielferiening 'Elts syn rol'. Dizze wike hat it bestjoer fan de feriening oerlis mei oare ferienings dy't ek gebrûkmeitsje fan it doarpshûs.
Yn it oerlis sille in tal inisjativen bepraat wurde dy't It Heechhout iepen hâlde moatte. Earder waard bekend dat it doarpshûs ticht moat fanwege ôffallende besikerssifers en in minne finansjele sitewaasje.