Fries negativer oer provinsje

23 apr 2007 - 13:01

It byld dat de Friezen hawwe fan it provinsjaal bestjoer, is folle negativer as sân jier ferlyn. Dat docht bliken út de 'belevingsmonitor' fan 'e provinsje Fryslân.

It ûndersyk is yn 2000 foar it earst útfierd en yn jannewaris fan dit jier werhelle. De bekendheid fan de deputearren is gemiddeld mei tsien persint omheech gong. In oare útkomst is dat Friezen hieltyd minder kontakt mei de provinsje hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)