Kontrôle op hoarekawurk

23 apr 2007 - 10:48

De oerheid sil de kommende tiid fraude yn de hoareka yn de trije noardlike provinsjes hurd oanpakke. Der wurdt kontroleard op yllegale arbeid, útkearingsfraude en it ûntdûken fan belestingen en sosjale preemjes.

By de kontrôles wurkje de Arbeidsynspeksje, de Belestingtsjinst, de frjemdlingeplysje en gemeenten gear. By in aksje yn 2004 bliek dat in kwart fan de bedriuwen frjemdlingen yn tsjinst hie sûnder fergunning.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)