Froulju geane troch lint

23 apr 2007 - 10:37

De plysje hat snein yn Ljouwert trije froulju oanhâlden. Se wurde fertocht fan poging ta deaslach, fernieling en fjoerwapenbesit.

Nachts wie ien fan har nei in man yn de Bangastrjitte tagien. De bewenner wie net thús en de frou fernielde de boel dêr. Dêrnei gie se mei de twa oare fertochten nei in hûs dêr't de man wie. Dêr is twa kear op de ruten fan de wenning sketten. De froulju ha har letter sels by de plysje oanjûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)