Te hurd yn Nij Beets

23 apr 2007 - 10:27

Op de Swynswei yn Nij Beets hat de plysje snein in 22-jierrige autobestjoerder út Aldeboarn oanhâlden. De man ride mei 96 kilometer yn de oere oer de dyk, wylst dêr 60 tastien is.

Doe't de plysje in stopteken joech wegere de man te stopjen. Nei in koarte efterfolging koe de man oanhâlden wurde. Hy hie gjin rydbewiis by him en ek hie er tefolle dronken. De plysje hat prosesferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)