Rou om ferstjerren Rommy

23 apr 2007 - 09:29

Fans en kollega's reagearje ferslein op it nijs dat de Fryske sjonger Rommy (57) snein stoarn is. Rommy, 'de stim fan de Wâlden', wie neffens har in freonlik en sosjaal man, mei in bysûndere útstrieling op it poadium.

Rommy Henstra wie al in pear moanne slim siik. Hy hie slokdarmkanker. Woansdeitejûn is yn it Cambuurstadion in betinking. Tongersdei wurdt Rommy te hôf brocht. It kondoléânseregister op ynternet rint fol mei reaksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)