Miniatuerskippen foar museum

22 apr 2007 - 17:04

It Skûtsjemuseum yn Earnewâld hat ôfrûne sneon in kolleksje fan 20 miniatuerskippen oernaam fan Jetze Visser. De 77-jierrige boatsjebouwer fan Warkum socht in gaadlik plakje foar syn moaiste skûtsjes, tsjalken, klippers en aken en kaam sa by it skûtsjemuseum telâne.

Foar it museum binne de skippen in moaie oanfolling. It libbenswurk fan Visser bestiet nammentlik hast folslein út âlde skippen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)