Hearrenfean ferliest fan AZ

Hearrenfean-trener Gertjan Verbeek
Sportklub Hearrenfean hat mei 3-1 ferlern fan AZ. Nei in kertier makke Cziommer út in frije trap 1-0. Arveladze makke yn de 38e minút 2-0. Afonso Alves skoarde syn 30e goal en makke it noch spannend. Cziommer makke in minút foar tiid 3-1. Vandenbussche rekke blessearre by dy goal en moast fan it fjild. Dingsdag moast dêrnei op goal, omdat Verbeek net wikselje koe.
Hearrenfean moat de lêste wedstriid no winne fan Feyenoord om fyfde te wurden.