Jan Schulting nei WHC

Jan Schulting
Fuotbaltrainer Jan Schulting fan De Ulesprong wurdt takom seizoen haadtrainer fan haadklasser WHC yn Wezep. Hy folget dêr Bart Ebbens op, dy't technysk koördinator wurdt.
Schulting spile earder ûnderoaren foar Sportklup Hearrenfean. Fan 2003 oant 2005 wie hy trainer by Cambuur, dêrnei gong hy nei Omniworld yn Almere. Dêr koe hy it net iens wurde oer in nij kontrakt.