Sjonger Rommy (57) ferstoarn

Folkssjonger Rommy Henstra ferlear de ûngelikense striid tsjin kanker
Sneintemoarn om 7 oere is de Fryske sjonger Rommy_Henstra ferstoarn. Henstra wie al in skoftsje siik. Hy is 57 jier wurden. Hy waard populêr by piratestasjons, foaral yn de buert fan syn berteplak Twizelerheide. Letter krige er bekendheid yn hiel Fryslân en ek dêr bûten.
Bekende nûmers fan Rommy binne û.o. 'De_Gouden_ring', 'As de ljip yn it lân is' en 'Ave_Maria'. Dat lêste nûmer naam er flak foar syn sykte op.