ONS-spiler brekt skynbonke

© Omrop Fryslân
ONS Snits hat yn de haadklasse mei 2-1 ferlern fan Oranje_Nassau út Grins. Mei noch trije minuten te spyljen moast Sibold_Jellema fan it fjild. Hy hat in breuk oan de skynbonke oprûn. Nei in healoere kaam de ambulânse. Dêrnei is de wedstriid noch útspile.
ONS kaam mei 2-0 achter. Johnny_de_Jonge brocht de spanning noch werom oant 2-1. De Snitsers bliuwe op it tredde plak stean.