Blauw Wyt nei earste klasse

21 apr 2007 - 17:27

Fuotbalclub Blauw Wyt '34 is kampioen wurden fan de twadde klasse K. Dêrtroch promovearret de Ljouwerter club út Suderbuorren nei de earste klasse. Blauw Wyt wûn de ien-nei-lêste kompetysjewedstriid mei 2-1 fan Wykels Hallum. Dêrtroch kin BCV de ploech net mear achterhelje.

Underyn de twadde klasse stride Oeversweltsjes, Bûtenpost, ONT, QVC, Broekster Boys en Wykels Hallum tsjin degradaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)