Drokte troch ID-kaarten bern

ID-kaart © ANP XTRA
De gemeente Ljouwert ferwachtet de kommende wiken ekstra drokte fan ynwenners dy't foar bern in eigen paspoart of identiteitsbewiis oanfreegje. Troch Europeeske regeljouwing kinne bern fan 26 juny ôf net mear har bern byskriuwe litte op in paspoart.
Yn koarte tiid ferwachtet de gemeente Ljouwert mear as twatûzen oanfragen foar in ID of paspoart ferwurkje te moatten. Foar dat wurk wurdt ekstra personiel socht. Om lange wachttiden foar te kommen is it advys oan Ljouwerters om tillefoanysk ôfspraak te meitsjen.