Stoomtrein riidt troch Fryslân

21 apr 2007 - 14:04

Treinleafhawwers stiene sneontemoarn mei foto- en fideokamera's yn 'e oanslach om bylden te meitsjen fan de stoomtrein tusken Snits en Starum. Foar de tredde kear it it dit wykein it stoomwykein. In âlde trein mei ferskate koepees riidt seis kear hinne en wer tusken de plakken.

Der wie in soad belangstelling foar in kaartsje foar mei de stoomtrein. Der wiene trijetûzen beskikber en dy wiene yn in wike tiid útferkocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)