Man út Starum skopt en slein

21 apr 2007 - 13:06

In 37-jierrige man út Starum is freedtenacht mishannele yn syn wenplak. It slachtoffer hie op stap west en hie yn in kroech rûzje krigen mei in 39-jierrige stêdsgenoat.

Underweis nei hûs waard it slachtoffer ynhelle troch de 39-jierrige fertochte. Dy sloech en skopte de 37-jierrige Starumer. Ek goaide de fertochte de fyts fan it slachtoffer yn it wetter. De 37-jierrige Starumer hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)