Grutte himpkwekerij oprôle

De kwekerij waard fûn yn in âlde loads (foto: Jaring Rispens)
De plysje hat freedtejûn yn de K. de Vriesstrjitte yn St. Jabik in grutte himpkwekerij oprôle. It giet om in profesjonele kwekerij mei sa'n tûzen planten. De kwekerij waard fûn yn in âlde loads.
De mooglike eigners sitte fêst. It giet om fjouwer manlju fan boppe de tritich jier, trije út Harns en ien út Warkum. Se binne tongersdeitejûn yn Harns trapearre op it knippen fan in grut tal himpplanten.