Regnerus wint Bob den Uylpriis

© Omrop Fryslân
Jannie Regnerus fan Aldebiltsyl hat freed foar har boek 'Het geluid van vallende sneeuw' de Bob den Uyl Prijs krigen. De jierlikse priis is foar it bêste literêre of sjoernalistike reisboek. De winner krijt 5000 euro.
Regnerus krige in beurs om as byldzjend keunstner in jier yn it Japanse Kitakyushu te wêzen. Yn har boek skriuwt se oer persoanlike ûnderfiningen en algemiene observaasjes oer Japan en de Japanners.