50.000 jonge ieltsjes útset

50.000 jonge kweekiel útset
As der neat bart, komt it net goed mei de iel. Yn Brussel is in rêdingsplan net fan de grûn kaam. In ielrikker, in fisker en in kweker hawwe freed 50.000 stiks kweekieltsjes útset. In part dêrfan is yn de Iselmar útset.
Doel is dat de iel weromswimt nei de Saragossasee midden op 'e Atlantyske Oseaan. Dêr paait de iel. De ielstân is weromrûn om't de iel fanwege gemalen net werom kin nei Saragossasee.