Sike Janmaat twivelgefal

23 mrt 2012 - 11:50

It is noch ûndúdlik oft Hearrenfeanspiler Daryl Janmaat sneon meidwaan kin yn de wedstriid tsjin VVV Venlo. Hy leit mei koarts op bêd. Trainer Ron Jans hat noch gjin kar makke wa't op de rjochtsbackposysje spilet. As Janmaat net fit is, dan komme Doke Schmidt en Arnold Kruiswijk dêrfoar yn oanmerking.

Op 'e training krige Geert Arend Roorda in tik op 'e boppeskonk. It is dêrtroch ûnwis oft Roorda sneon by de seleksje sit. Keeper Kristoffer Nordfeldt sit foar de wedstriid tsjin VVV foar it earst op de bank.

Jurjan Wouda is dêrtroch net by de wedstriidseleksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)