Weening rydt Amstel Gold Race

20 apr 2007 - 14:49

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema docht dit wykein mei oan de Amstel Gold Race yn Limburch. Dat is de iennige echte Nederlânske klassiker. It wurdt syn earste klassiker fan it seizoen.

Weening ried oant no ta foaral etappekoersen sa as Parys-Nice en de ronde fan Baskelân. Nei de Amstel Gold Race docht er takom wike ek mei oan de Waalse Pijl en dêrnei oan Luik Bastenaken Luik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)