Staking yn busferfier is wis

20 apr 2007 - 12:46

Der komme aksjes yn it busferfier. Freed is it ultimatum ôfrûn dat de fakbûnen út namme fan de sjauffeurs fan Arriva oan de wurkjouwersferiening stelden. De sjauffeurs wolle trije prosint mear lean. De wurkjouwers jouwe dêr net oan ta.

It busferfier yn in grut part fan de provinsje leit moandei stil: tusken 9.00 en 16.00 oere en nei 19.00 oere. Op oare tiden ride de bussen wol, mar wurdt net kontrolearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)