Himpplantaazje Harns oprôle

© Omrop Fryslân
De plysje yn Harns hat tongersdei in ynfal dien oan de Galvanistrjitte. Der binne trije Harnzers (30, 40 en 43) oanhâlden en in Warkumer (33). Se wurde fertocht fan it meitsjen fan drugs. Der wie in melding fan in sterke drugslucht om it gebou hinne.
Op it momint fan de ynfal wienen de fertochten himpplanten oan it knippen. De apparatuer is meinaam en de planten binne ferneatige.