Brêge yn Hitzumerbinnenpaad

20 apr 2007 - 10:28

De provinsje wol meiwurkje oan de bou fan in brêge yn it Hitzumerbinnenpaad. It plan wie om in betonnen brêge te pleatsen fan 3,5 euroton. De FNP yn de ried fan Frjentsjerteradiel woe dat net om't dat it kultuerhistoaryske karakter fan it paad oantaaste soe.

De FNP tsjinne in moasje yn om te kiezen foar in brêge as De Nije Kromme by Wommels. Dat soe 150.000 euro mear kostje. De ried praat meikoarten oer it foarstel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)