KNVB helpt by problemen

20 apr 2007 - 10:07

Fuotbalbûn KNVB en de gemeente Ljouwert bondelje har krêften om de problemen by de fuotbalklubs yn de stêd oan te pakken. Beide partijen ha in oerienkomst ûndertekene. Der binne problemen mei jildsaken en it gedrach op en om it fjild. De kwaliteit by de klubs moat better en der moatte mear leden komme.

It giet foarearst allinnich om klubs út Ljouwert. Oare ferienings kinne by problemen in berop dwaan op de KNVB.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)