Langer oerlêst Ofslútdyk

langer oerlêst troch stikkene brêge
Automobilisten op de Ofslútdyk moatte langer rekken hâlde mei in omlieding en mooglike fertraging. It wurk oan de brêge op Koarnwertersân duorret langer.
It mankemint oan de brêge is 22 maart feroarsake troch in skip. Dy rekke út koers en fernielde wichtige ûnderdielen fan de brêge. As alles neffens plan ferrint, wurdt de brêge op 16 maaie wer iepensteld foar it autoferkear.