5 kandidaten as tredde partij

© Omrop Fryslân
Tusken takom wike en 7 maaie wurdt dúdlik oft Fryslân de kommende fjouwer jier troch twa of trije partijen bestjoerd wurdt. It CDA en de PvdA presintearren tongersdei har takomstfyzje fan Fryslân en de oare partijen kinne no reagearje.
De SP hat al bekend makke dat it foar de partij hast ûnmooglik is om mei te dwaan. Omdat ek GrienLinks net foar de hân leit, bliuwe as kandidaten oer FNP, ChristenUnie en VVD.