Skoalle wol útwreidzje

19 apr 2007 - 14:38

De bern en leararen fan Daltonskoalle St. Jozef op 'e Lemmer ha tongersdei by it gemeentehûs aksje fierd foar nijbou. Der waarden tekeningen en han- tekens oanbean en ballonnen oplitten.

De skoalle wol útwreidzje om't der de kommende jierren in soad bern bykomme. Dy passe allegear net yn it besteande pân. De skoalle wol dêrom in etaazje boppe op it gebou. De gemeente seit dat dêr gjin jild foar is en dat de skoalle mar in oar gebou brûke moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)