Glas stapt wer yn 'e slide

Arend Glas is al wer yn training
Arend Glas stapt wer yn de bobslide. De 38-jierrige âld-Jouster, dy't tsjintwurdich yn Grins wennet, is al wer yn training. De bedoeling is om troch te gean oant de winterspelen fan 2010 yn it Kanadeeske Vancouver. Glas wol krekt as yn it ferline meidwaan yn de twamans en de fjouwermans bob.
Glas sette nei de Winterspelen fan Turijn yn 2006 in punt achter syn lange karriêre. Wa't syn maten wurde yn it nije seizoen is noch net bekend.