Prizen bier doge net mear

19 apr 2007 - 11:41

Der kloppet neat mear fan de prizen dy't rekkene wurde foar it bier. Dat seit Aart van der Linden fan de Fryske Bierbrouwerij Us Heit. Neffens him wurdt der yn de supermerk te min betelle en yn de hoareka te folle.

Woansdei waard bekend dat de trije grutste bierbrouwers Heineken, Grolsch en Bavaria in boete krije fan hûndertenmiljoenen euro's omt se jierenlang de priis keunsmjittich heech hâlden hawwe soene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)