Mear meldings oerlêst

© Omrop Fryslân
Ljouwerters hawwe ferline jier faker gefallen fan oerlêst meld by de plysje en de gemeente. Dat docht bliken út sifers fan de gemeente. Yn 2006 binne 670 gefallen fan oerlêst meld. Dat binne hast 100 mear as yn 2005.
De measte meldings hiene te krijen mei oerlêst fan en tusken buorlju, sa as lûdsoerlêst. Yn trije gefallen hat de gemeente ferline jier minsken út har hûs set om't se struktureel foar oerlêst soargen yn har buert.