Trije hennepkwekerijen oprôle

© Omrop Fryslân
Yn trije ferskillende plakken hat de plysje woansdei himpkwekerijen oprôle. Oan de Einsteinstrjitte yn Bûtenpost gie it om in profesjonele kwekerij mei 650 plantsjes. Yn in wente oan de Vitringastjitte yn Frjentsjer fûn de plysje nei in tip 120 plantsjes.
Yn Ljouwert kaam de plysje in kwekerij op it spoar troch in tip fia Meld Misdaad Anoniem. Yn in wente oan de Telemanstrjitte waarden 400 planten fûn. Alle planten binne ferneatige.