Asbest frij by LPF-brân

19 apr 2007 - 09:19

By de grutte brân yn it eardere papierfabryk LPF yn Ljouwert is ek asbest frijkommen. Neffens ûndersyk troch eksperts giet it lykwols mar om in bytsje asbest. It asbest is net yn de omjouwing ferspraat en der soe dan ek gjin gefaar wêze foar omwenners.

De brânwacht krige woansdei ferskate telefoantsjes fan minsken dy't yn de reek stien hiene. Klachten oan de luchtwegen as gefolch fan de reek hearre fansels oer te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)