Minister start sinneboaten

© Omrop Fryslân
Minister Van der Hoeven fan ekonomyske saken jout takom jier it startskot foar de twadde sinneboatrace. Dat hat se woansdeitejûn tasein doe't de Solar_Challenge in priis krige foar it meast oansprekkende evenemint mei duorsume enerzjy.
De priis waard tabedield troch in oantal politike en maatskiplike jongere-organisaasjes. Foar de Solar Challenge betsjut dat ekstra promoasje.