'Te min subsydzjes kultuer'

18 apr 2007 - 16:52

Fryslân krijt folle minder subsydzjes foar kultuer as de Rânestêd. Ek oare provinsjes moatte it mei folle minder jild dwaan, sa blykt út ûndersyk.

Ungefear de helte fan alle kultuersubsydzjes komt terjochte yn Amsterdam. Per ynwenner fan de haadstêd wurdt hast 216 euro per persoan oan kultuer beskikber steld. Yn Fryslân is dat mar 5,30 euro per ynwenner yn it jier. De provinsjes wolle in rjochtfeardiger ferdieling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)