MRI-scan foar Taeke Triemstra

18 apr 2007 - 16:42

Keatser Taeke Triemstra ûndergiet takom moandei in MRI-scan. Hy hopet sa te witten te kommen oft syn ankelblessuere slimmer is as oant no ta tocht waard. Triemstra rûn de blessuere yn febrewaris op by it fuotbaljen.

Triemstra tocht earst oan in skuorke yn de ankelbân, mar in sportarts tinkt dat der mear oan de hân is. It is noch net wis oft Triemstra it begjin fan it seizoen meimeitsje kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)