Fytsalvestêdetocht 100 jier

23 mrt 2012 - 11:09

De Fytsalvestêdetocht pakt dit jier grut út mei it 100-jierrich bestean. Fjouwer dagen stiet Boalsert yn it teken fan de ferneamde toertocht. Der is in feest foar alle frijwilligers en de hurdfytsronde fan Boalsert is foar ien kear yn itselde wykein as de toertocht.

By de tocht sels is by alle stimpelposten omtinken foar it jubileum mei ûnder oare koaren en spesjale gasten. Foar it jaan fan it startskot tinkt de organisaasje oan prins Willem Alexander of prinses Máxima, mar dat moat noch regele wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)