'Soarchtoerisme' yn súdwesten

Troch it súdwesten rinne ferskate toeristyske rûtes
De Súdwesthoeke krijt in spesjaal stipepunt foar soarchtoerisme. Dat moat soargje foar in grutte groei fan it tal toeristen bûten it fêste seizoen.
It giet dan om toeristen dy't ekstra soarch nedich ha en dêrom op it stuit noch net allinnich op fakânsje kinne. De provinsje Fryslân wurket no mei in tal soarchoanbieders oan it opsetten fan in spesjaal stipepunt. Dat moat de minsken mei ekstra soarch helpe.