'Mear plysje H'fean-Feyenoord'

18 apr 2007 - 12:14

De gemeente It_Hearrenfean tinkt nei oer ekstra feilichheidsmaatregels by de fuotbalwedstriid fan Hearrenfean tsjin Feyenoord. Dy wedstriid wurdt op 29 april spile yn it Abe_Lenstrastadion.

Yn in oerlis hawwe de boargemaster en de plysje it hân oer de ynset fan ekstra minsken. Nei it wykein sil der in definityf beslút oer naam wurde, want dan binne de belangen foar de lêste wedstriid hielendal dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)