Fjild Cambuur wurdt oanpakt

It keunstgers fan Cambuur is noch net optimaal
It keunstgersfjild fan Cambuur krijt moandei in yntinsive behanneling. Oer it gers binne al in skoft klachten. It soe te hurd wêze en dêrtroch krije de spilers blessueres. Fabrikant Edelgrass is foarearst net fan doel om in folslein nij fjild te lizzen.
Cambuur spilet 27 april de lêste thúswedstriid tsjin Omniworld. Dan moatte de earste resultaten al fielber en sichtber wêze. Yn juny sil wurke wurde oan in definitive oplossing.