Nijs yn 1 minút op Omrop-tv

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân komt fan moandei 2 april ôf mei koarte nijsbulletins fan ien minút op televyzje. It earste bulletin is om ien oere middeis en dêrnei op alle oeren, hieltyd oanfolle mei it lêste nijs.
De Hjoed fan fiif oere middeis komt te ferfallen, mar it lange nijs fan seis oere bliuwt gewoan. Foarôfgeand oan it koarte Fryske nijs is alle oeren ek in koart nijsbulletin fan de NOS te sjen. It nijs-yn-ien-minút is alle dagen ek te besjen op de webside fan Omrop Fryslân.