Arriva wol fluggere trein

18 apr 2007 - 11:11
  • De nije treinen: se kinne wol, mar meie noch net ....

Ferfiersbedriuw Arriva is yn oerlis mei spoarbehearder Prorail oer de snelheid fan de treinen. De treinen yn Fryslân meie net hurder ride as 120 kilometer yn it oere. Arriva wol graach dat se 140 kilometer ride meie.

De nije Spurttreinen ha in snelheidsbegrinzer en kinne net hurder as 120, mar dat is neffens Arriva ienfâldich oan te passen. As de treinen hurder ride soe dat romte jaan yn de tsjinstregeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)