Famke oanriden troch trekker

18 apr 2007 - 10:49

Op de Achterwei yn Olterterp is tiisdeitemoarn in 17-jierrich famke ferwûne rekke nei in botsing mei in trekker. In 35-jierrige man ried mei de trekker fan in boerehiem de dyk op, mar seach dêrby it famke, dat op in brommer siet, oer de holle.

It slachtoffer is mei ferwûnings oan de skonken nei it sikehûs ta brocht. De bromfyts rekke swier skansearre. De bestjoerder fan de trekker kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)