De Saegher nije trainer Snits

© Omrop Fryslân
Derk_de_Saegher wurdt de nije trainer fan de volleybalfroulju fan Snits. Hy folget Ruut_de_Wit op, dy't him dit jier mei de Snitsers pleatste foar de B-league. De_Wit hie al oanjûn nei dit jier net fierder te wollen as trainer. Ek assistint-trainer Anton_de_Vries hâldt der nei dit jier mei op.
De_Saegher moat takom jier foar súkses soargje yn de B-league. Hy wie earder ûnder oaren trainer by SOVOCO út Soest en by VC_Zaanstad.