'Kiezersbedroch' fan politisy

Bijman beskuldiget Andriesen en Galema fan 'kiezersbedroch'
Anita_Andriesen en Sjoerd_Galema hawwe de ynwenners fan Noardwest-Fryslân bliid makke mei in deade mosk. Dat skriuwt CDA-deputearre Piet_Bijman yn syn weblog 'Bijman in actie'. De oanfierders fan PvdA en de CDA wolle útsykje litte oft sâltwinning ûnder de Waadsee mooglik is.
Bijman neamt dat kiezersbedroch, omdat troch ynternasjonale ferdragen sâltwinning ûnder it Waad noait tastien wurde sil.