Sânbank sit HT-roeiers dwers

17 apr 2007 - 21:35

In brede sânbak yn it Schuitengat ûnder Skylge is in grut obstakel foar de roeisloeperace tusken Harns en it eilân. Oare jierren soarge in ûndjipte al foar swierrichheden, mar no kinne de sloepen der mei gjin mooglikheid oerhinne.

Goed 130 teams ha har ynskreaun foar de 130ste HT-race op 18 maaie. Besocht wurdt om op tiid jild by inoar te krijen om de bank fuort te blazen mei wetter en lucht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)